Olijnsma pakt winst yn Harns

De Hotze Schuilpartij yn Harns is snein wûn troch Martijn Olijnsma, Marten Feenstra en Pier Piersma. It trio wie yn de einstriid Johan van der Meulen, Renze Pieter Hiemstra en Hylke Bruinsma mei 5-2 en 6-2 de baas. De lytse preemje wie foar Gert-Anne van der Bos, Jacob Wassenaar en Daniël Iseger dy't yn de heale finale ferlearen fan Van der Meulen en-dy. Marten Feenstra waard kening.
Opfallend wie de blauwe kaart dy't Bauke Triemstra krige foar kommentaar op de wedstriidlieding. It bart net faak dat der by it keatsen kaarten lutsen wurde.