WK: Keatsen earder dien

De oranjekoarts hat ek gefolgen foar de eveneminten dy 't snein yn Fryslân holden wurde. Bygelyks by it keatsen yn Harns. Der wurdt alles oan dien om de haadklasse partij op tiid klear te krijen. Foar seis oere dus as Nederlân op it WK tsjin Meksiko spilet. Om mar op tiid klear te wêzen binne de keatsers om 11.00 oere moarns al begûn.
Ek de organisaasje fan it klassike muzykfestival CityProms yn Ljouwert moat tajaan oan de oranjegekte. It programma is oanpast sadat alle besikers op tiid foar de tillevyzje sitte kinne.