Furdgum: aksje tsjin wynmûnen

© Omrop Fryslân
Yn Tsjummearum en Furdgum is in aksjegroep oprjochte tsjin de wynmûneplannen foar beide doarpen. De leden fan de groep Tsjummearum-Furdgum MegaMolens Nee, freegje de ynwenners om in hantekening te setten ûnder harren protest.
Der binne neffens de aksjegroep al hûnderten hantekeningen binnen. De klup slút him oan by de oare aksjegroepen yn Fryslân dy't tsjin wynmûnen protestearje.