Bijlstradokumintêre giet troch

De dokumintêre oer de Fryske komponist Cees Bijlstra giet troch. Alhoewol't neffens regisseur Pieter Verhoeff mei crowdfunding noch mar 62% fan de nedige 45.000 euro binnen is, kin de film dochs makke wurde. Der is skrast yn de organisaasjekosten. Boppedat wurkje ferskate bekende Friezen, lykas Rients Gratama, belangeleas mei.
Cees Bijlstra ferstoar 10 jier lyn oan in hertstilstân. Bijlstra makke muzyk foar Omrop Fryslân, de Avro en ferskate films fan Verhoeff. Omrop Fryslân sil de dokumintêre útstjoere.
De film wurdt begjin novimber foar it earst fertoand, op it Noordelijk Filmfestival yn Ljouwert.