Wenboat Blokhúspoarte fuort

29 jun 2014 - 13:52

Nei mear as 25 jier wenje de Ljouwerters Wieb en Hennie Schuil net mear yn in wenskip njonken de Blokhúspoarte yn de stêd. Eigener Ryksgebouwetsjinst fan de Blokhúspoarte wol de âld-finzenis graach ferkeapje. De famylje Schuil hie in lisplak foar it libben, mar is dochs útkocht. Wieb Schuil wie earder bewaker yn de finzenis. De famylje hat it twongen fuortgean bestriden, mar úteinlik hat de Ryksgebouwetsjinst syn sin krigen.

De famylje is net te sprekken oer de wize wêrop de Ryksgebouwetsjinst mei harren kommunisearre hat.

Finansjeel binne Wieb en Hennie Schuil der wol goed útsprongen. Se wenje no yn in wenskip oan de Potmarge yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Blokhúspoarte wenboat
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)