Ljouwerter krijt klappen

29 jun 2014 - 12:46

In man fan 26 jier út Ljouwert hat sneontenacht oan it Gouverneursplein yn syn wenplak klappen krigen. Hy krige spul mei in noch ûnbekende man. Dy sloech him ferskate kearen mei de fûst yn it gesicht. Dêrnei naaide de dieder út. De Ljouwerter hie ferwûnings yn it gesicht en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

De plysje ûndersiket noch wat de oanlieding wie foar de mishanneling en wa't de fertochte is.

Trefwurden: 
mishanneling klappen slaan
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)