Ynbrekkers Easterwâlde betrape

29 jun 2014 - 11:38
  • Ynbraak

In frou út Easterwâlde hat sneintemoarn betiid twa ynbrekkers yn har hûs oan de Wrongel op 'e die betrape. Se hearde leven en gie doe nei ûnderen. Dêr seach se twa manlju dy't hurd útnaaiden. In buorman gie achter harren oan. Hy krige ien fan de ynbrekkers te pakken.

De plysje hat dizze 47-jierrige man út Easterwâlde meinaam nei it buro. De oare fertochte wist te ûntkommen. De plysje is op syk nei him.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)