Blog: Piranja’s yn de Meksikaanske studio

29 jun 2014 - 10:53

De knockout-faze fan it WK fuotbal is úteinset en fuortendaliks is mar wer dúdlik wêrom’t dat sa moai wêze kin. It is der op of derûnder. De winner giet troch, de ferliezer mei nei hûs. Foar Brazilië hie it WK der al hast opsitten. Sily makke it it thúslân dreech en skeat yn de ferlinging noch op de latte. Utskeakeling wie tichtby en dat hie in geweldige dreun west foar de 200 miljoen Brazilianen. Se namen de strafskoppen lykwols krekt wat better as Sily en steane dêrtroch dochs yn de kwartfinale.

Hjoed is it earste momint fan de wierheid foar Oranje. Yn de bakoven fan Fortaleza (der wurde temperatueren ferwachte fan boppe de 30 graden) is Meksiko de tsjinstanner. Yn de dagen foarôfgeand oan de wedstriid ha we in protte kontakt hân mei de Meksikaanske kollega’s yn it IBC. We ha ferskate reportaazjes útwiksele en dy gearwurking ferrûn prima. In hiel ferskil mei guon oare lannen dy’t der net iepen foar steane.

We mochten ek efkes yn de studio sjen fan Televisa, de tillevyzjestjoerder fan Meksiko dy’t it WK dêr yn byld bringt. Sy hawwe de grutste ynstallaasje fan it hiele IBC, mei fasiliteiten dêr’t alle Nederlânske stjoerders jaloersk op wêze soene. De studio is sa grut, dat der sân ferskillende sets opboud binne om programma’s te meitsjen. Der is in bar en in akwarium dêr’t piranja’s yn swimme. Net te leauwen wat se der delset hawwe foar in perioade fan mar fiif wiken!

By de Meksikanen binne ek saneamde ‘pins’ te krijen. Dat blykt rôversguod te wêzen yn it IBC. In protte omroppen hawwe spjeldsjes mei harren bedriuwsnamme der op, om fuort te jaan. In soart Panini-plaatsjes, mar dan oars. Samlers strune it hiele IBC ôf om der safolle mooglik te krijen. Wy hawwe ek alle dagen minsken oan de doar. Nee, wy hawwe gjin pins, mar de Belgyske kollega’s fan Sporza wol. Bliid as in bern ferlitte se ús kantoar dêrnei. By it Italiaanske Sky binne se de samers sêd. Sy hawwe in A4’ke op de doar plakt mei: “Sorry, no pins available.” Dy doar kinne de samlers dus oerslaan.

In foarsizzing foar Nederlân-Meksiko doar ik net te dwaan. Oant no ta hat it Nederlânsk alvetal my ferrast en ik tink in protte minsken mei my. Nederlân hat bettere spilers, mar de waarmte kin in protte ynfloed hawwe. Meksiko hat in goeie definsje, mar Nederlân hat Robben en Van Persie. En Louis van Gaal. Hy is oant no ta de winnende koach, en dy hat toch altyd gelyk? Wat my oanbelanget mei dat noch fjouwer potsjes sa bliuwe!

Jan Vincent van Zuiden
Twitter: @JVvanZuiden

Trefwurden: 
argyf WK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)