Feanster pakt plysje by kiel

29 jun 2014 - 10:36

Twa manlju fan 24 en 28 jier fan It Hearrenfean binne sneontenacht oppakt yn har wenplak. De plysje hold dêr tafersjoch by muzykevenemint Night of the Koemarkt. Twa ûnopfallende plysjes besochten in groep minsken út elkoar te heljen dy't spul mei elkoar hiene. De Feanster fan 24 jier misledige de plysjes. Doe't hy dêrop oansprutsen waard, pakte de oare fertochte ien fan de plysjes by de kiel. De oare man gie de plysje doe ek te liif.

De plysje moast pepperspray brûke om de twa ûnder kontrôle te krijen. Beide manlju sitte fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)