Frou ferwûne by ûngelok

29 jun 2014 - 10:32

In frou fan 65 jier út Ljouwert is sneon op it Suderplein yn de stêd ferwûne rekke by in ûngelok. Se woe op har fyts oerstekke rjochting Willemskade, mar liet in 27-jierrige automobilist net foargean. Dy koe de frou net mear ûntwike. In oanriding wie it gefolch.

It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
ûngelok fyts Suderplein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)