Ynbraak yn kantine VV Balk

© Omrop Fryslân
Unbekenden hawwe yn de nacht fan freed op sneon ynbrutsen yn de kantine van de fuotbalferiening fan Balk. Dêrfoar waard it stek iepenbrutsen en in rút fan de kantine ynsmiten. Yn de kantine is besocht om mei in stekkarre de swiere klûs mei te nimmen, mar dat is net slagge. De plysje tinkt dat de klûs te swier wie om sa mei te nimmen. Uteinlik is der neat stellen.