Net snije yn wurkfoarsjenning

It kabinet moat folle minder besunigje op sosjale wurkfoarsjenningsbedriuwen as Empatec en Caparis. Dat fynt Hans de Boer, de nije foarsitter fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW. De Boer komt oarspronklik fan Wytmarsum. It kabinet wol op 1 jannewaris 2015 gjin nije minsken mear talitte by de sosjale wurkfoarsjenning. Op termyn moatte it oantal meiwurkers fan de foarsjennings lanlik weromrinne fan 100.000 nei 30.000.
De rest moat yn de reguliere arbeidsmerk oan de slach: 100.000 yn it bedriuwslibben en 25.000 by de oerheid.
Hans de Boer hat dêr syn betinkings oer. Hy fynt dat der stipe bliuwe moat foar de swakkeren yn de mienskip. De Boer begjint moandei as foarsitter fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW.