Weryndieling: gjin besparring

In gemeentlike weryndieling yn Fryslân en de rest fan Nederlân besparret gjin jild. Dat skriuwt heechlearaar Maarten Allers fan de Ryksuniversiteit. Allers is ek direkteur fan it sintrum foar ûndersyk fan de ekonomy fan legere oerheden, it COELHO. It Ryk wol mei alle besunigings ien miljard euro yn it jier besparje, mar dat sil net slagje neffens Allers.
De weryndieling smyt gjin legere útjeften en bettere foarsjennings op. Ek yn Fryslân binne gemeenten bot dwaande mei weryndieling.
Sa bestiet de gemeente Súdwest-Fryslân út fiif eardere gemeenten en hawwe ek Ljouwert en Hearrenfean resint stikken fan Boarnsterhim der by krigen. En ek de nije gemeente De Fryske Marren bestiet sûnt koart.