Kelstein wint Bonifatiusbokaal

It bedriuw Kelstein Green Circle Farming út Hallum hat freedtejûn de ûndernimmerspriis fan Noardeast-Fryslân en de Bonitatiusbokaal wûn. Der waard yn de finale wûn fan bakker De Jong fan De Westereen en de Foodfactory fan Surhústerfean. De finalisten hiene in film makke en krigen allegear ien minút tiid om it bedriuw del te setten. It bedriuw Kelstein bestiet út trije bedriuwstakken, nammentlik in melkfeebedriuw, in biogasynstallaasje en in algekweek. De priis bestiet út in soad media-omtinken en de Bonifatiusbokaal.
Yn de sjuery sieten ûnder oare boargmeaster Bearn Bilker en deputearre Hans Konst, dy't ek de priis útrikte.