Iepen dei by terp Harinxmalân

By it Harinxmalân, oan de noardkant fan Snits, wurde sneon de útkomsten bekend makke fan in grut archeologysk ûndersyk. De ôfrûne fjouwer wike binne opgravings dien yn it gebiet om mear te witten te kommen nei in âlde terp. Der waard al in bysûndere brûnzen fergulde earmbân fûn.
It gebiet om Snits soe al 2000 jier lang bewenne wêze. De ferwachtings fan de archeologen wiene heech, omdat guod yn in klaailaach goed bewarre bliuwt. It projekt is finansierd troch de provinsje Fryslân en it Groninger Instituut voor Archeogie.
Nije wike binne de lêste opgravings, dêrnei wurdt alles wer tichtmakke. Op it Harinxmalân sille yn de takomst huzen komme, mar it is wol de bedoeling dat der safolle mooglik rûn it âlde terpelân hinne boud wurdt om sa it histoaryske lânskip te behâlden. Sa soe der bygelyks in soarte fan park komme kinne mei ynformaasjebuorden, sa seit Bakker.