Parkearplak Centrale grutter

28 jun 2014 - 10:35

Winkelpark De Centrale yn Ljouwert krijt hast twa kear safolle parkearplakken as no. It súksesfolle winkelgebiet wurdt nammentlik útwreide mei in parkeargaraazje en parkearromte boppe op guon gebouwen. Dêrmei komme der 700 ekstra parkearplakken by en komt De Centrale yn totaal út op sa'n 1500 plakken.

De eigener fan it winkelpark, Kennemerland Beheer út Haarlem, hat fierder noch útwreidingsplannen mei winkels. Ein dit jier iepenet sportketen Decathlon de doarren foar it winkeljend publyk. De keten siket noch 50 meiwurkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)