Oane Galama wer de fierste

27 jun 2014 - 22:23

Oane Galama hat freedtejûn mei oermacht de winst pakt op de skânzen fan Bûtenpost. Yn de reguliere wedstriid ljepte er 20.26, yn de twadde finalesprong kaam er nei 20.66 yn it sânbêd. Nard Brandsma waard twadde mei 19.66 en Hans Ulco de Boer tredde mei 19.32. By de froulju gong de winst nei Klaske Nauta mei 15.05, foar Hiske Galama mei 14.16. Age Hulder wie mei de winnende 19.23 wer oppermachtich by de junioaren. Itselde jilde ek foar Jan Teade Nauta by de jonges. Syn 17.53 wie genôch foar de winst. Freark Kramer waar twad mei in pr fan 16.78.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)