'Skûtsjesilen wurdt topsport'

27 jun 2014 - 17:31

It skûtsjesilen wurdt de lêste jierren hieltyd profesjoneler. Sa begjinne skipper en bemanning al yn it betide foarjier mei de trainings. Dêrby wurdt ek gebrûk makke fan de nijste techniken, lyksas GPS.

Guon skippers helje sels trainers fan bûten om it team sterker te meitsjen. Der wurde troch de skûtsjekommisjes ek prestaasjes easke fan de skippers en dat botst wolris mei de jierrenlange tradysje fan de sport. Lang net alle skippers wolle oan de topsportbenadering.

Ien en oar is te sjen yn de Fryslân DOK Skûtsjesilen: tradysje of topsport. It programma is kommende snein om 15.30 oere te sjen op Nederlân 2 en jûns op Omrop Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)