Bou fabryk Compakboard los

In heal jier letter as it plan wie, is freedtemiddei op It Hearrenfean begûn mei de bou fan it earste fabryk fan it bedriuw Compakboard. It fabryk moat begjin takom jier klear wêze en ferget in ynvestearring fan sawat 17 miljoen euro. Yn earste ynstânsje is der wurk foar in fyftich minsken. Yn de twadde faze, dy't yn 2016 klear wêze moat, komme der noch likernôch santich by.
Compakboard makket duorseme en recyclebere fezelplaten foar ûnder oare de bou. Wichtichste grûnstof is strie.