Nije sponsor reedrydstersteam

27 jun 2014 - 17:03

It bedriuw AfterPay op It Hearrenfean is it kommende seizoen haadsponsor fan in froulju's reedrydteam. It bedriuw wie yn it ferline ko-sponsor fan it team. Blikfangers fan de ploech binne de Fryske sprintsters Anice Das en Mayon Kuipers. Fierders bestiet it AfterPay Developmentteam út Emma van Rijn, Bente van den Berge, Rosa Pater, Bo van der Werff en Floor van den Brandt. Se sille traind wurde troch Dennis van der Gun.

AfterPay is in bedriuw dat fjouwer jier ferlyn begûn. It is spesialisearre yn it efterôf beteljen op ynternet.

Trefwurden: 
reedriden AfterPay
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)