Wurk Swettetunnel útsteld

It wurk oan de Swettetunnel yn Ljouwert fan dit wykein wurdt útsteld. By de tariedings hat bliken dien dat der in gat ûnder de Fahrenheitwei leit, deun njonken de Swettetunnel. Op dat plak soe in kraan fan 250 ton opsteld wurde om it fiadukt fuort te heljen. Der is gjin romte op in oar plak om de kraan del te setten. It is ek noch ûndúdlik oft der mear gatten ûnder de dyk sitte. Mooglik is in lek yn de riolering de oarsaak.
Der is noch gjin nije datum bekend wannear't it wurk oan de Swettetunnel wol útfierd wurde kin. Boppedat is it ek noch net dúdlik oft it útstel ek fertraging opsmyt foar it hiele projekt fan de westlike ynfalswei fan Ljouwert.