Brêge Aldskou wer iepen

27 jun 2014 - 16:07

De brêge by Aldskou by Akkrum giet tiisdei wer iepen foar skipfeartferkear. Begjin april koe de brêge net mear betsjinne wurde troch in oanfarring fan in frachtskip dat útwike moast foar in oare boat. De ôfrûne moannen hat Rykswettersteat de tastân fan de brêge ûndersocht en alles opknapt. Freedtejûn wurdt der noch proefdraaid mei in float fan SKS-skûtsjes, om te ûndersykjen oft alles goed wurket.

Fan it simmer sil Rykswettersteat de fundearring fan de brêge oanpakke.

It ferkear wurdt no mei in stopljocht regele, om't der mar ien baan per kear brûkt wurde kin. Projektmanager Egbert Nijenbanning ferwachtet dat de brêge yn augustus of septimber hielendal klear wêze sil. Yn 2017 wurdt ûndersocht oft de brêge by Aldskou ferbrede wurde kin. Nijenbanning ferwachtet dat dat wurk tusken 2020 en 2025 útfierd wurde kin.

Trefwurden: 
brêge Aldskou
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)