Maresjesee noch altyd fermist

27 jun 2014 - 15:16

De maresjesee is noch hieltyd op syk nei opperwachtmaster Sicco Cuperus fan Ljouwert. De 36-jierrige man is sûnt it pinksterwykein spoarleas. Fyftjin resjerzjeurs wurkje oan de saak. Mar it ûndersyk sit fêst en dêrom wurdt sneon oan it Fliet en omkriten flyere. De fermiste man wennet dêr. De plysje wol graach dat minsken dy't mear oer de saak witte harren melde.

In pear dagen nei de ferdwining is Cuperus syn auto weromfûn yn Marrum. Wat er dêr moast, is ek noch hieltyd ûndúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)