'Ryk moat otter helpe'

It ryk moat mei jild komme om bekende knipepunten dêr't otters deariden wurde, op te lossen. Dêroer wolle de provinsjes prate mei de ferantwurdlike steatssekretarissen.
Yn maaie fan ferline jier beslute de rjochter dat it ryk de problemen foar 22 novimber dit jier oplosse moast. De saak wie oanspand troch de stichtingen Das en Boom en Otterstation Nederland. De stichting Otterstation melde freed by Omrop Fryslân Aktueel dat it ryk it net oprêdt foar 22 novimber.
Neffens deputearre Johannes Kramer spylje de problemen benammen by ryksdiken. De otter moat der net de dupe fan wurde dat it ryk no eefkes gjin jild hat, fynt de deputearre.