Wer arrestaasje yn drugssaak

27 jun 2014 - 13:40

De plysje hat fan 'e wike in tredde fertochte oppakt yn in grut drugsûndersyk yn Noardeast-Fryslân. De man, in ynwenner (23) fan Wâlterswâld, wurdt fertocht fan hannel yn harddrugs. De arrestaasje folget op twa oaren. Earder binne ek al in man (34) út De Westereen en in man (35) út Wâlterswâld oppakt. It trio soe aktyf west hawwe yn de omkriten fan De Westereen en Damwâld.

De rjochter-kommissaris beslút freed oft de trije fertochten langer fêstsitte bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)