Enerzjykoöperaasje op Skier

Fjoertoer op Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Auke Wietze Bosma
Op Skiermûntseach is in koöperaasje foar enerzjy oprjochte. Dy hat de namme De Sintrale meikrigen. De koöperaasje wol duorsume enerzjy ynkeapje en ek sels opwekke. De kommende moannen wurdt dêr in plan foar útwurke. Dat moat fan 't hjerst klear wêze.
De earste jierren moat De Sintrale soargje foar legere enerzjyrekkens. Skiermûntseach moat folslein enerzjyneutraal wurde, sa is it doel.