Deade frou fûn yn Ljouwert

27 jun 2014 - 12:04

Yn in wenning oan de Frederik Ruyschstrjitte yn Ljouwert is freedtemoarn in deade frou fûn. It giet om de 38-jierrige bewenster. De plysje hat in man oppakt dy't ek yn de wenning wie. Hy wie licht ferwûne. De man is foar medyske behanneling oerbrocht nei it sikehûs.

De plysje meldt dat de frou ûnder fertochte omstannichheden ferstoarn is. De man wurdt fertocht fan belutsenens by de dea fan de frou. De Forensyske Opspoaringstsjinst docht spoare-ûndersyk. Der wurdt ek in buertûndersyk dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)