Oarsaak brân Ljouwert bekend

27 jun 2014 - 10:28

It ûndersyk nei de grutte brân yn it sintrum fan Ljouwert fan ferline jier is klear. Nije wike woansdei wurde de resultaten presintearre. De Ynspeksje fan Feiligens en Justysje hat de oarsaak fan de brân ûndersocht, it Iepenbier Ministearje de skuldfraach. It IM makket woansdei ek bekend oft de man dy't fertocht wurdt fan de brân, ferfolge wurdt.

By de brân op De Kelders op sneon 19 oktober kaam de 24-jierrige Idsart Otte om it libben. Ferskate gebouwen giene ferlern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)