Frachtwein fierstente swier

© ANP XTRA
De plysje hat tongersdeitemoarn in frachtweinkombinaasje fan de dyk helle om't dy goed 23-tûzen kilo te swier wie. De plysje seach de frachtwein mei oanhinger riden op de N31 by Surch en hat de sjauffeur oan de kant setten. By in kontrôle die bliken dat de frachtwein goed 73-tûzen kilo woech. Dat is fier boppe de tasteane 50-tûzen kilo.
De frachtwein hie kompost as lading en mocht pas fierder ride doe't in part dêrfan lost wie. De sjauffeur hat in proses-ferbaal krigen.