Autocross werom yn Makkum

27 jun 2014 - 07:13

Nei sechstjin jier is sneon yn Makkum wer in autocross. De cross wie eartiids in begryp yn Fryslân. Dat de belangstelling no grut is, docht wol bliken út de 110 oanmeldings dy't binnenkaam binne. De hiele wike wurdt der al wurke om it terrein klear te krijen.

Der leit in hiele histoarje yn Makkum wat de autocross oanbelanget. Om dy nostalgy weromkomme te litten wurdt sneon ek riden yn de saneamde âlderwetske demoklasse. Yn dy klasse ride auto's út de jierren '50 oant en mei '80.

Trefwurden: 
Makkum autocross
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)