Ek keapsneinen yn Dongeradiel
Winkels yn Dongeradiel meie fan 1 july ôf ek op snein de doarren iepenje. De gemeenteried hat dêr tongersdeitejûn tastimming foar jûn. De ûndernimmersferiening fan Dongeradiel hie om de keapsneinen frege. Dy wol dêrmei de sfear yn de binnenstêd fan Dokkum ferbetterje en de toeristen better betsjinje.
De winkels meie sels witte oft se meidogge oan de keapsneinen. It giet om in proef. Oer in jier folget in evaluaasje.