Natoer yn mei Binnen-Bûten-Bus

26 jun 2014 - 21:58

It Fryske Gea, it Natoermuseum Fryslân en Arriva starte mei it gearwurkingsprojekt Binnen-Bûten-Bus om Ljouwerter basisskoalle bern yn 'e kunde komme te litten mei de natoer. Om't in soad lessen yn de natoer fanwege ferfiersproblemen skrast wurde út it lesprogramma biedt ferfierder Arriva in kompleet ferfierspakket oan. De bern wurde by skoalle ophelle en nei it Natoermuseum brocht. Dêrnei giet de reis nei nasjonaal park De Alde Feanen yn Earnewâld. Oan 'e ein fan de dei wurde se wer by skoalle útset.

It Binnen-Bûten-Bus-natoeredukaasjeprojekt is de kommende twa jier in pilot foar maksimaal tweintich basisskoallen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)