Wynmûneprotest yn Wurdum

By in iepenbiere fraksjegearkomste fan de FNP-steatefraksje yn Wurdum is tongersdeitejûn aksjefierd tsjin de komst fan noch mear wynmûnen yn Fryslân. Sa'n sân minsken fan de aksjegroep Genoegisgenoeg stiene klear om de FNP'ers op te fangen, ta te sprekken en wat aksjemateriaal mei te jaan.
De measte FNP'ers namen it materiaal oan en gongen ek de diskusje oan. Mar guon FNP-leden woene benammen de pamfletten net oannimme om't de teksten yn it Hollânsk skreaun wiene. Dyselde FNP'ers wiene sels wol tsjin de komst fan wynmûnen.