Gjin oplossing otterproblemen

26 jun 2014 - 21:23

It slagget it Ryk en de provinsjes net om op tiid in oplossing te finen foar de diken dêr't in soad otters deariden wurde. Neffens in útspraak fan de rjochter moatte de problemen foar 22 novimber dit jier oplost wêze. Mar dat slagget net, seit Addy de Jongh fan de stichting Otterstation Nederland. De Jongh hie earder mei de stichting Das en Boom in rjochtsaak tsjin it ryk oanspand en wûn.

Hy is teloarsteld dat it sa rint en nimt it foaral it Ryk kwea ôf. It regear moat mear jild op tafel lizze om bygelyks tunnels ûnder diken te meitsjen.

De Jongh wit dat der yn Fryslân plannen makke wurde om twa knipepunten op de A6 en de Trynwâldsterdyk op te lossen, mar ek dat is net foar 22 novimber klear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)