Doek falt foar it stik Doek!

'Doek! it toanielstik' giet net troch. Der wienen al 500 kaartsjes ferkocht fan ien fan de 26 foarstellings yn Grou. De minsken dy't al betelle ha, krije it jild werom. It akteurspear Freark Smink en Klaasje Postma sjocht fan de foarstellings ôf, omdat se yn har priveelibben net loskomme kinne fan it stik. Dat soarget foar spanningen tusken beide.
De foarstellings fan Doek! soene spile wurde yn oktober, novimber en desimber.