Keizer tefreden oer seleksje

Marcel Keizer, de nije technysk direkteur fan Sportklup Cambuur, is tige te sprekken oer de 21 spilers dêr't de Ljouwerters it nije seizoen mei úteinsette. Keizer is sels in âld-Cambuurspiler en komt oer fan fuotbalklup Telstar.
De seleksje is lykwols noch net kompleet. Under oare Geert Arend Roorda en de Eastenriker Oliver Markoutz sille as staazjespilers sjen litte wat se kinne. Sels naam Keizer ferdigener Calvin Mac-Intosch mei fan Telstar. Op dit stuit traine de Ljouwerters op It Amelân yn oanrin nei it nije seizoen.