Potfisk Sil werom yn Fryslân

Potfisk Sil dy't ferline jier july oanspielde op Skylge is werom yn Fryslân. Yn in loads yn de Willemshaven fan Harns is preparateur Bas Perdijk drok dwaande om de bonken fan it bist klear te meitsjen foar de tentoanstelling dit wykein. Nei't de potfisk oanspielde op it eilân waard it bist nei Harns sleept.
Dêrwei gong er fierder op transport nei Lekkerkerk, dêr't Perdijk de bonken ûndersocht en preparearre. Opfallend is dat it bist in grut stik fan syn ûnderkaak mist. Nei alle gedachten is dat bard by in fjochtpartij mei in oar mantsje.