Hinder skipfeart skûtsjesilen

26 jun 2014 - 17:39

De skipfeart moat rekken hâlde mei hinder by de skûtsjesylwedstriden. It SKS skûtsjesilen set op 19 july útein op it wetter fan Grou en duorret oant en mei 1 augustus, útsein in pear rêstdagen. Fan healwei twaen middeis ôf slút Rykswettersteat it wedstriidwetter ôf foar al it oare farferkear. It ferbod duorret oant de ein fan de wedstriid.

Datselde jildt foar de IFKS wedstriden, dy't begjinne op 2 augustus. Dan jildt der in farferbod fan 9.30 oere ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)