Martijn Barto ûnder it mes

Cambuurspiler Martijn Barto giet freed ûnder it mes foar in ljiskbreuk. Barto hat al trije jier lêst fan syn ljisk en spilet mei in soad pine. Yn oerlis mei de klup hat er besletten om no foar in operaasje te kiezen. Dêrtroch mist er wol de tarieding op it nije seizoen, om't er fjouwer oant seis wiken útskeakele is.
Barto hopet lykwols wat rapper hersteld te wêzen, sadat er oan it begjin fan it seizoen wer by de seleksje oanslute kin.
SC Cambuur is op dit stuit op It Amelân foar in trainingskamp ûnder lieding fan de nije haadtrainer Henk de Jong. De Jong hat in soad sin oan it nije seizoen. In opfallend nij gesicht is Geert Arend Roorda. Hy sit sûnder klup, mar mei by Cambuur traine om de kondysje op peil te hâlden.