Grut ûnderhâld Thús Wonen

26 jun 2014 - 15:39

Wenningkorporaasje Thús Wonen docht op 't heden grut ûnderhâld oan 193 huzen yn de Fonteinslannen yn Dokkum. By 84 wenten fernijt de korporaasje de keuken, dûs en it húske. De souder wurdt isolearre en de mechanyske ynstallaasje neisjoen om de huzen enerzjysuniger te meitsjen.

De korporaasje set moandei ek útein mei faze 2 fan it projekt. Fan nochris 109 huzen wurdt de bûtenkant opknapt. Der komme nije keunststofkesinen, HR++ glês en nije goatten. De hier wurdt net ferhege, seit wurdfierder Alex Bosma.

Salang't de renovaasje duorret, kinne de bewenners yn harren hûs wenjen bliuwe. Thús Wonen stelt in spesjale unit beskikber, dêr't minsken ûnder de dûs en nei it húske kinne wannear't de badkeamer opknapt wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)