Dochs keapsneinen yn DFM

De winkels yn de gemeente De Fryske Marren meie tusken maart en novimber dochs op sneins iepen. Dat hat de ried besletten nei oanlieding fan in útstel fan it kolleezje.
Yn it koalysjeakkoart wie ôfspraat dat de winkels op snein ticht bliuwe soenen. CDA en de CU binne op keapsnein tsjin, ek simmerdeis. It CDA en it kolleezje binne it net iens oer dit punt. Yn it kolleezje sitte twa CDA-wethâlders, mar dy binne wol foar de iepening op snein. Yn de hiele gemeente moat itselde belied wêze, sa binne se fan betinken.