Achmea Health Center ticht

It Achmea Health Center yn Ljouwert giet ticht. De sportskoalle oan de Tijsmawei slút binnen no en trije moanne. Foar de 42 personielsleden dy't hast allegearre in dieltiidbaan hawwe, is der dan gjin wurk mear.
It Ljouwerter fitnesssintrum is ien fan de 36 festigings fan Zilveren Kruis Achmea. De soarchfersekerder slút alle sintra. Sy draaiden al langere tiid mei ferlies. Om troch te gean is ûnferantwurde, sa lit in wurdfierder fan Achmea witte. Achmea sette yn 2000 mei in sportskoalle út ein.
Yn de rin fan de jierren krige de soarchfersekerder grutte konkurrinsje fan goedkeapere fitnesssintra.