Simmerkoarting by Arriva

Yn neifolging fan Súd-Hollân hat Arriva no ek in simmerkoarting foar treinreizgers yn Fryslân en Grinslân ynfierd. De ferfiersorganisaasje hie fergetten de aksje yn it Noarden bekend te meitsje.
Reizgers kinne yn de moannen july en augustus foar 40% minder mei de trein. As se al in daloerekoarting fan Arriva op de OV-chipkaart hawwe, jildt de koarting de hiele dei en it wykein. Foar oaren jildt de koarting inkeld troch de wike nei njoggen oere moarns en it hiele wykein.
Reizgers kinne de koarting fergees op in anonime of persoanlike OV-kaart sette by it oplaadpunt fan Arriva op it perron.