'Treintiid Rânestêd koarter'

© Omrop Fryslân
De Twadde-Keamerfraksjes fan de PvdA en CDA wolle dat de reistiid tusken Ljouwert en de Rânestêd koarter wurdt. De partijen hawwe dêrfoar in moasje yntsjinne. No stiet de trein tusken Ljouwert en de Rânestêd noch tolve minuten stil yn Zwolle. PvdA en CDA wolle dy wachttiid redusearje.
De ChristenUnie hat boppedat oan steatsiktaris Wilma Mansveld frege oft de treinen op de Hanzeline oer Lelystêd en Almere ek hurder kinne. Dat soe ek foar in koartere reistiid soargje kinne.