Prinsetún 'lekkerste park'
De Prinsentún yn Ljouwert is útroppen ta ien fan de 'lekkerste parken' fan Nederlân. De aksje is in inisjatyf fan de kampanje 'Supporter van schoon'.
De Prinsetún hat 84 'Supporters van schoon'. De measten komme rûnom út Fryslân wei. Sy dogge harren bêst om it park skjin te hâlden. Maskotte Holle Bolle Gijs fan pretpark De Efteling komt sneon nei Ljouwert ta om in buordsje mei de titel 'Lekkerste Park' út te rikken.