Wurk oan spoar Harns en Starum

26 jun 2014 - 12:27

Op it spoartrajekt Ljouwert-Harns en Ljouwert-Starum wurdt de kommende moannen wurke. ProRail fernijt dêr it befeiligingssysteem en op guon plakken wurde fersakke rails wer rjocht lein.

Treinreizgers kinne lêst hawwe fan it wurk. Nei Harns wurde de minsken tusken 20 en 28 july mei bussen ferfierd. It stik tusken Ljouwert en Starum wurdt tusken 7 en 18 augustus oanpakt. ProRail makket gebrûk fan in lange trein, dy yn ien kear al it ûnderhâld dwaan kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)