Nije takomst praktykskoalle

De eardere lânboupraktykskoalle yn Oentsjerk wurdt de kommende jierren brûkt foar personiel fan twa nije suvelfabriken. De wurknimmers krije dêr workshops, trainings en praktyklessen. Dat hawwe suvelbedriuwen A-ware en Fonterra tongersdei bekend makke. Beide partijen bouwe op it stuit nije fabriken op It Hearrenfean. Dy moatte yn oktober úteinsette.
It personiel krijt in oplieding yn Oentsjerk. A-ware hat de âlde skoalle yn oktober oernaam. Der sit ek in melkfeebedriuw mei 180 kij yn de praktykskoalle.