Enerzjyneutrale fakânsjehúskes

26 jun 2014 - 07:04
  • De Alde Feanen

By de rekreaasjehúskes yn natuergebiet De Alde Feanen yn Earnewâld wurde sneon saneamde duorsume enerzjystasjons yn gebrûk nommen. Mei help fan sinnepanielen en tal fan oare oanpassings beskikke de wenten oer in enerzjyfoarsjenning dy't gelyk stiet oan de kwaliteit fan in netwurk. It hiele rekreaasjeseizoen kinne de wenten eigen enerzjy opwekke.

Der is ek in wifi-netwurk, wêrtroch't it mooglik is om de ynstallaasjes op ôfstân te betsjinjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)