Keatspartij betider fanwege WK

25 jun 2014 - 21:22

De haadklassekeatspartij yn Harns kommende snein sil in oere earder úteinsette. Yn stee fan tolve oere slaan de manlju om alve oere foar it earst op. Keatsferiening Eendracht hopet sa op tiid klear te wêzen foar de fuotbalwedstriid fan Oranje, dy't om seis oere jûns begjint. Nederlân nimt it op tsjin Meksiko.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)