Hegere subsydzje glêsfezel

25 jun 2014 - 21:02
  • De oanlis fan glêsfezel

It subsydzjebedrach foar de oanlis fan in glêsfezelferbining yn it bûtengebiet is flink ferhege. Provinsjale Steaten stelle no 500 euro de húshâlden beskikber, plus in liening mei lege rinte. Earder wie it 100 euro. De ferheging is needsaaklik om't bliken die dat it âlde bedrach te leech wie. Minsken wolle wol glêsfezel oanlizze, mar de kosten binne te heech.

Der is no 13 miljoen euro beskikber steld om de 32.000 húshâldens yn it bûtengebiet te ûntsluten. Deputearre Sietske Poepjes hopet dat yn 2018 alle Friezen in glêsfezelferbining hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)